NoDoe, jou dy no op!

Geplaatst op 8 juli 2013

Jou dy op foar de nije famyljespulshow fan Omrop Fryslân!

Omrop Fryslân start nei de simmer mei opnames fan it nagelnije famyljespulprogramma NoDoe. De show sil opnommen wurde yn ferskillende Fryske musea, en draait om de fraach hokker famylje yn koarte tiid it measte te witten komt oer de skiednis fan ús provinsje. It giet dus net om parate kennis, mar om it opspoaren dêrfan.

Yn elke ôflevering stride twa teams tsjin elkoar. In team bestiet út in bern (10-14 jier), in heit/mem en in pake/beppe. Dit hoecht net perfoarst famylje fan elkoar te wêzen. Elke ôflevering bestiet út 4 rondes. Yn ronde 1 spylje de bern tsjin elkoar yn in fysike test. Yn ronde 2 teste de heiten en memmen harren farske kennis yn in drukknopronde. Ronde 3 stiet yn it teken van de pake's of beppe's, sy moatte op speurtocht yn it museum. De finaleronde is in team-estafette. Alle opdiene kennis en feardichheden wurde ynsetten om dizze ronde te winnen.

Wolsto meidwaan oan dizze spannende en aktive tv-wedstriid? Jou dy dan as team op fia www.nodoe.nl. Op dizze site kinst alle ynformaasje fine oer de searje.

Dielnimmende musea binne: IJstijdenmuseum Bûtenpost, Museum Martena Frjentsjer, Museum Dokkum, Fries Museum Ljouwert, Fries Landbouwmuseum Earnewâld, Woudagemaal Lemmer, Kazemattenmuseum Koarnwertersân, Damshûs Nijbeets, Fries Scheepvaartmuseum Snits en Tresoar Ljouwert.

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en 9 Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Kanon mear ûnder de oandacht te bringen.

« Naar overzicht