Museum Dokkum

Midden yn it histoaryske sintrum fan Dokkum leit museum it Admiraliteitshûs. It museum is ûnderbrocht yn in tal histoaryske gebouwen, ien dêrfan is it santjinde-ieuske gebou fan de Admiraliteit fan Fryslân en Grinslân.

It museum lit 2000 jier kultuer en skiednis fan Noard-East Fryslân sjen, lykas âlde gebrûksfoarwerpen, folkskeunst en Frysk ierdewurk. Der is in grutte kolleksje Frysk sulver en in nijsgjirrige kolleksje tekstyl.

Yn in âld pakhús fan om 1800 hinne, dat yn de tweintichste ieu yn gebrûk wie as tsjerkje en no by it museumkompleks heart, is in grutte útstalling oer Bonifatius (± 672-754) te sjen. Dy permaninte útstalling jout in unyk byld op it libben fan Bonifatius en syn betsjutting foar Dokkum. Meitsje in reis yn ’e tiid en ûntdek: wêr kaam Bonifatius eins wei? Hoe seach de ier midsieuske, Fryske maatskippij derút? Wat barde der by de moard en hokker gefolgen hie dat foar de lytse delsetting Dokkum.

Museum
Museum it Admiraliteitshûs is ûnderbrocht yn in tal histoaryske gebouwen. Ien dêrfan is it santjinde-ieuske gebou fan de Admiraliteit fan Fryslân en Grinslân út 1618.

Fan 1596 oant 1645 wie yn Dokkum ien fan de fiif admiraliteitskolleezjes fan Nederlân festige. De Admiraliteit hold him dwaande mei it beskermjen fan ’e hannelsfeart en mei it fieren fan oarloggen op see. Troch it tichtslykjen fan de see-earm ferfear de Admiraliteit yn 1645 fan Dokkum nei Harns.

Yn 1963 waard it museum yn it admiraliteitsgebou festige, dêr’t de moaie renêssânsedekoraasjes noch fan bewarre bleaun binne. Neist it museum leit in prachtige binnentún. Dêr is de monumintale yntree fan it âlde admiraliteitsgebou noch te sjen.

Kolleksje
It museum lit 2000 jier skiednis fan Dokkum en omkriten sjen, lykas âlde gebrûksfoarwerpen, folkskeunst, skilderijen en Frysk ierdewurk. Der is in grutte kolleksje Frysk sulver. In grut part dêrfan is ôfkomstich fan Dokkumer goud- en sulversmidden, lykas pronkstikken foar op ’e tafel, tsjerkesulver en typysk Fryske berteleppels. Ien fan ’e bysûnderste stikken is in beker fan it Dokkumer bakkersgilde út 1613.

Dêrneist hat it museum in nijsgjirrige kolleksje tekstyl, mei dêrûnder Fryske kostúms, floddermûtsen en merklapen. Topstik fan ’e merklapekolleksje is dy út 1764 fan Geesje Suidema, in famke fan 12 jier út Dokkum.

Yn in âld pakhús fan om 1800 hinne, dat yn de tweintichste ieu yn gebrûk wie as tsjerkje en no by it museumkompleks heart, is in grutte útstalling oer Bonifatius (± 672-754) te sjen. Dy permaninte útstalling jout in unyk byld op it libben fan Bonifatius en syn betsjutting foar Dokkum. Meitsje in reis yn ’e tiid en ûntdek: wêr kaam Bonifatius eins wei? Hoe seach de ier midsieuske, Fryske maatskippij derút? Wat barde der by de moard en hokker gefolgen hie dat foar de lytse delsetting Dokkum?

It museum hat in beskieden biblioteek (net tagonklik foar publyk) en in grutte samling foto’s en aansichtkaarten.

Belibje de skiednis yn it museum it Admiraliteitshûs!